Achtkarspelen: skoalswimmen faai

06 okt 2006 - 06:49

Der komme aksjes yn Bûtenpost as de gemeente Achtkarspelen ophâldt mei it beteljen fan it skoalswimmen. De gemeente wol besparje om út de reade sifers te kommen. De direksje fan it swimbad 'De Kûpe' en de skoallen yn de gemeente sjogge de besuniging net sitten.

Direkteur Gerdes fan NV Sportfondsen, behearder fan it swimbad, ferwachtet dat der meiwurkers op strjitte komme te stean as it skoalswimmen ophâldt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)