Fleanoefenings boppe Marnewaard

06 okt 2006 - 06:37

De keninklike Luchtmacht sil takom wike fleanoefenings hâlde boppe it militêre oefenterrein De Marnewaard. NAVO-fleaners dogge de flechten yn it ramt fan de oefening 'Basic Windmill'. De fleantugen fleane op in minimale hichte fan 150 meter, mei útsûndering fan it Waadgebiet, dêr jildt in minimale hichte fan 450 meter.

De oefening tsjinnet as training foar minsken op de grûn dy't in piloat oer de radio nei in doel ta prate moatte.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)