Lauwersmar mooglik wer sâlt

06 okt 2006 - 06:19

Natoerorganisaasjes lykas behearder Steatsboskbehear binne wiis mei it nijs dat it mooglik is om it sâlte wetter werom te bringen yn de Lauwersmar. En dat sûnder gefolgen foar de lânbou of de wetterôffier. Dit soe 180 miljoen euro kostje. Koartlyn kamen dizze ûndersyksresultaten fia de polityk yn Grinslân nei bûten ta.

It werombringen fan it sâlte wetter soe de bêste oplossing wêze tsjin it tichgroeien fan it natoergebied.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)