Boeren moatte grûn ôfstean

© Omrop Fryslân
Boeren moatte grûn ôfstean foar natoer, oars wurdt it dreech om yn 2018 alle natoergebieten yn Fryslân oan inoar fêst te krijen. Dat stelt direkteur Arend Timmerman fan Steatsboskbehear.
In soad boeren wolle de grûn net ôfstean en it Ryk hat fêstlein dat soks allinnich op frijwillige basis mei. Dat moat oars sa seit Arend Timmerman. Allinich sa is it wis dat de natoerdoelstellings helle wurde.