Twa jonge seehûnen loslitten

05 okt 2006 - 16:02

Op it Súdwest by Hollum op It Amelân binne tongersdeitemoarn twa seehûnen frijlitten. De twa wiene yn juny by de seehûnekresj yn Pieterburen kommen. It wiene doe noch hiele jonge bisten.

Se wiene fûn op de Rottumerplaat. It bart gauris dat der seehûnen loslitten wurde op de sânplaten yn de Waadsee. De gewoane seehûn wurdt faak by Skiermûntseach of It Amelân loslitten. Grize seehûnen wurde foaral by Skylge frijlitten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)