Priis foar Steven de Jong

05 okt 2006 - 15:35

Regisseur Steven de Jong hat op it filmfestival yn Utrecht 100.000 euro krigen fan 'Het Nederlands Fonds voor de Film'. Dit bedrach heart by de stimulânsprizen foar de suksesfolste Nederlânske film.

De Kameleon 2 hat tegearre mei Paradise Now ferline jier it meast sukses hân. It jild moat brûkt wurde foar senario-ûntwikkeling. De Kameleon 2 luts goed 400.000 besikers nei de bioskoop.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)