Grutste pompoen op It Amelân

05 okt 2006 - 15:16

Theo Kiewiet fan Buren op It Amelân is Nederlânsk kampioen wurden mei syn pompoen, dy't mar leafst 312 kilogram weacht. Ferline jier kweekte Kiewiet al de grutste pompoen fan Fryslân. It gewicht fan pompoenen hinget ôf fan de dikte fan it fruchtfleis.

Omdat Kiewiet Nederlânsk kampioen wurden is, docht er fan it wykein yn Brussel mei oan de Europeeske kampioenskippen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)