Glas assistint-bûnscoach?

Bobslider Arend Glas hat oanbean om assistint-bûnscoach te wurden. Hy moat dan ûnder oare de bobsliders begeliede nei de Olympyske Spelen fan 2010 yn Vancouver.
Tongersdei waard bekend dat de Brit De La Hunty de nije bûnscoach wurdt. Hy stiet wol iepen foar de komst fan Glas as assistint. Mocht Glas assistint- bûnscoach wurde, dan betsjut dat noch net dat er sels ophâldt mei bobslydzjen.