Nije fleugel Hannemahûs Harns

05 okt 2006 - 10:45

Museum it Hannemahûs yn Harns krijt in nije fleugel. De ekstra rûmte komt achter it hjoeddeiske gebou, op it plak dêr't ieuwenlang in pakhûs stie. Yn it nije stik komme in eksposysjerûmte, in argyfrûmte en rûmten foar it personiel.

Ek komt der in seal dêr't lêzingen foar sa'n 80 minsken hâlden wurde kinne. Doel is dat de bou maaie takom jier út ein set. Begjin 2008 moat de nije fleugel klear wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)