Medysk guod socht foar Yndonesië

© Omrop Fryslân
De stifting Pikulan yn Surhústerfean wol in kontener folje mei medysk helpguod foar Yogyakarta yn Yndonesië. Yn de earste helte fan dit jier wie der in grutte ierdskok foar de kust fan Yogyakarta.
Hast de helte fan de befolking fan dat plak is syn hûs kwyt rekke. No wenje noch hieltyd in soad minsken op strjitte en is der in tekoart oan medyske helpmiddels. De stifting siket noch tekkens, pampers, mitella's ensfh.