It Fliet lilk oer komst junks

04 okt 2006 - 22:11

Minsken yn de Ljouwerter wyk it Fliet wolle in hantekenaksje begjinne om de komst fan in behannelsintrum foar 25 junks te kearen. Dat soe komme moatte yn in âld skoalgebou op de hoeke fan it Súdvliet en de Menno van Coehoornstrjitte.

Ferline jier is it Fliet foar mear as 4 ton opknapt. San sintrum soe der dan net tusken passe fine guon bewenners. Takom wike woansdei hâldt de gemeente in ynformaasjejûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)