Soargen waadeilannen om Omrin

04 okt 2006 - 17:15

De Waadeilannen binne hiel ûngelokkich mei it opstappen fan Smellingerlân by ôffalferwurker Omrin. De ferwurking fan ôffal fan de eilânnen ôf is djoer. Se sitte fier fan ekopark de Wierde yn Aldehaske dêr't it smoargens ferwurke wurdt. Boppedat moat it ôffal noch mei de boat nei it fêstelân.

Fan dy ekstra kosten ha de eilannen no gjin lêst om't alle gemeenten itselde taryf betelje. Mar dat kin feroarje as mear gemeenten út Omrin stappe.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)