Maksimum tal lisplakken net goed

De natuer op it Waad moat it belije as it tal lisplakken op de eilannen net útwreide wurde mei. It Ryk wol in maksimum fan 4600 lisplakken foar de jachthavens ynstelle. De Raad voor de Wadden is dêr op tsjin. Rekreanten soene dan in lisplak sykje op it Waad as de havens fol binne. Dêr is har ynfloed op de natuer folle negativer.
Ek foar de feilichheid is it net goed, fynt de Ried. De waadgemeenten binne ek tsjin op it maksimum tal lisplakken.