Griend krijt nij fûgelwachthúske
Der komt in nij fûgelwachtershúske op Griend, it ûnbewenne eilantsje yn de Waadsee tusken Skylge en Flylân. It húske dat der stie, wie hurd oan ferfanging ta.
Vereniging Natuurmonumenten brûkt it wachtershúske elk jier foar it observearjen fan fûgels en it bewaken fan it eilân: der meie gjin minsken komme. It nije húske is in stik lúkser as it âlde.