NN-Tour allinnich troch Fryslân

04 okt 2006 - 13:17

De Noard-Nederlân Tour wurdt fan no ôf allinnich yn Fryslân hâlden. De hurdfytswedstriid hie oant no ta om it jier de finish yn Ljouwert of Grins. De stêd Grins lûkt him no lykwols werom as sponsor. Grins leit de prioriteit mear by it hurdrinnen as grut sportevenemint.

Foar foarsitter Thijs Hofstede fan de Noard-Nederlân tour is it logysk dat de tour no allinnich troch Fryslân giet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)