Jild foar opknappen bushaltes
De provinsje lûkt in ton út foar it opknappen fan bushaltes. It giet dan om it ferfangen fan hokjes en fytserekken. Ek wurde de perrons ferhege nei de hichte fan de ynstap fan de bus.
Op it stuit steane der twa bushaltes yn Follegea op de nominaasje foar de opknapbeurt. Fierder komme der ûnder oaren bushokjes yn Noardburgum en Rottum.