Gemeentesiktaris Harns fuort

© Omrop Fryslân / Dirk Jan Haarsma
Gemeentesiktaris Wouter Slob fan de gemeente Harns stapt op. Op 1 juny begjint er dy funksje by de gemeente Medemblik. Slob wie sûnt mids 2008 gemeentesiktaris yn Harns.
Slob hat him foaral dwaande holden mei de reorganisaasje fan it gemeentlik apparaat yn 2008 en 2009. De organisaasje gie doe fan fiif ôfdielingen en in stafburo nei trije ôfdielingen.