Hanneler harddrugs 2 kear oppakt

04 okt 2006 - 10:35

In 24-jierrige Ljouwerter is moandeitemiddei oanhâlden om't er harddrugs ferkocht op it Saailân. Hy waard sjoen troch plysjes dy't him oerbrochten nei it plysjeburo. Nei it opmeitsjen fan it proses-ferbaal mocht de man wer fuort.

Hy waard lykwols deselde middei wer betrape op it hanneljen yn harddrugs. Hy is wer oanhâlden en oerbrocht nei it buro. De kokaïne en heroïne dy't er by him hie, binne yn beslach nommen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)