Trochstart VVV Friese Kust?

03 okt 2006 - 23:21

In trochstart fan de VVV Friese Kust is mooglik en hoecht net djoer te wêzen. Mar dan moatte gemeenten en ûndernimmers wol meiwurkje. Dat seit de lannelike VVV-koepelorganisaasje. De VVV Friese kust gie koartlyn faillyt.

Alle agintskippen en kantoaren waarden slúten, mar de gemeentebestjoeren binne troch de koepelorganisaasje oanskreaun om nochris te praten oer it opnij iepen stellen fan de VVV-punten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)