Frou rêdt man en komt sels om

03 okt 2006 - 21:09

In 76-jierrige frou út Burgum is tiisdei om it libben kaam by in dramatysk ûngemak net fier búten har wenplak. Har man rekke mei syn scootmobyl te wetter. Doe't de frou him derút helje soe, waard se net goed en ferstoar.

Omstanners ha de man op 'e kant holpen. It slagge net mear de frou te reanimearjen. De man is yn shock mei de ambulance nei it sikehûs fan Ljouwert brocht.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)