Filmfestival ek op Skylge

It Noardlik Filmfestival giet de boer op. Nei 27 edysjes yn Ljouwert is it festival dit jier ek op it eilân Skylge. Op trije ferskate lokaasjes sil in tal films te sjen wêze dy't ek yn Ljouwert op it wite doek ferskine.
It Noardlik Filmfestival op lokaasje wurdt organisearre yn oparbeidzjen mei Oerol. Fan 8 oant en mei 12 novimber wurde mear as sechstich films fertoand op it festival.