Man falt famkes lestich

03 okt 2006 - 16:25

De plysje is op syk nei in man dy't yn de Ljouwerter wyk Camminghabuorren syn geslacht sjen lit. Hy soe oardel wike lyn by rekreaasjegebiet Griene Stjer twa kear in groepke famkes lêstich fallen hawwe.

It soe gean om in smelle man fan tusken de 30 en de 35 jier, mei koart donker hier, ridend op in blauwe sportfyts. Tips hawwe oant no ta neat opsmiten. De saak wurdt tiisdei ek behannele yn it tv-program Plysjepost.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)