Sotheby's feilt doek Frjentsjer

By Sotheby's yn Amsterdam wurdt meikoarten in 19e ieusk skilderij feild fan Frjentsjer. It giet om in doek fan de skilder Cornelis Springer. It skilderij moat tusken de 100.000 en 150.000 euro opsmite.
Op it skilderij is it bekende âlde Koarndragershúske 1634 te sjen. It doek waard skildere yn 1872. Neffens it feilinghûs hat Springer each foar arsjitektuer en ljocht-tsjuster- kontrasten.