Sportman nominearre foar 'Ui'

De Fryske film 'Sportman fan 'e ieu' is twa kear foardroegen foar in Gouden Ui. De nominaasjes binne yn de kategorieën minste film en minste rezjy, yn dit gefal fan Mischa Alexander. De priis is de tsjinhanger fan 'e Gouden Kalveren.
'Het woeden der Gehele Wereld' skoart it heechst nei sân nominaasjes. De priisútrikking is tongersdei yn Utert. De sjuery bestiet út filmsjoernalisten en studinten fan de filmakademy.