Minder abonnees Fryske kranten

It Frysk Deiblêd en de Ljouwerter Krante krije hieltyd minder abonnees. Dat docht bliken út de nijste oplaachsifers fan de beide Fryske kranten.
Yn fergelyk mei in jier ferlyn gie de oplaach fan it Frysk Deiblêd mei 8 prosint nei ûnderen ta nei in lyts 18.000 kranten. De Ljouwerter Krante giet der 3,2 prosint op achterút en komt út op in oplaach fan goed 103.000 kranten.