Twa himpkwekerijen yn Wolvegea

© Omrop Fryslân
De plysje hat moandei yn in loads oan de Oppers yn Wolvegea twa himpkwekerijen oantroffen. Dit barde oanlieding fan in tip. As earste trof de plysje in grutte striebulte oan. Nei wat graven die bliken dat derûnder 271 planten wiene.
Achter in houten wand yn 'e loads siet noch in kwekerij mei 138 planten. De apparatuer en de planten binne yn beslach nommen en ferneatige. De plysje stelt in ûndersyk yn.