Auto tsjin in beam yn Haule

© Omrop Fryslân
In 55-jierrige automobilist út Jobbegea is moandei ferwûne rekke by in iensidich ûngelok op de Swettewei yn Haule. De man wie dwaande mei syn autoradio. Hy makke in stjoerflater, syn auto begûn te slingerjen en bedarre doe yn 'e berm. De auto klapte dêrnei op in beam.
De automobilist is troch de brânwacht út 'e auto weihelle en mei ûnbekend letsel oerbrocht nei it sikehûs.