Wer mear kninen by Lauwersmar

Der binne dit jier foar it earst wer mear wylde kninen yn it Lauwersmargebiet. De populaasje wie de ôfrûne jierren bot ôfnommen troch de besmetlike firussykte VHS. Op guon plakken, lykas yn it Lauwersmargebiet, waard it knyn suver mei útstjerren bedrige. Yn in jier tiid wie goed njoggentich persint fan de kninen dea.
Dit jier is it tal kninen lykwols wer ferdûbele.