Undernimmers easkje fergoeding

02 okt 2006 - 16:48

Undernimmers op It Bilt wolle mei advokaten in skeafergoeding by de Nuon ôftwinge. Troch de fûle stroomstjit in moanne lyn rekken in soad masines stikken. Dat soarge foar tûzenen euro's skea. Neffens de Nuon falt dat ûnder it ûndernimmersrisiko en is it bedriuw net ferplichte om te beteljen.

De ûndernimmersferiening sammelet alle skeagefallen en ûndersiket hoe't de Nuon twongen wurde kin de skea te fergoedzjen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)