Nije rydbewiis ynfierd

Fan moandei ôf is it nije rydbewiis ynfierd: in paske ynstee fan it bekende rôze papieren eksimplaar. Dat hat gefolgen foar wa't ôfrydt. Want wa't it rydbewiis hellet, moat tenei noch fiif wurkdagen wachtsje om echt ride te kinnen.
It nije rydbewiis kin net fuortendaliks ophelle wurde, mar pas nei fiif dagen. It rydbewiis is minder maklik te ferfalskjen en kostet dêrom mear tiid om te meitsjen.