Betizing oer parkearstrepen

02 okt 2006 - 15:35

Yn Burgum is betizing ûntstien oer it parkearen oan de Legewei. Freed waard de dyk mei giele strepen beskildere om oan te jaan dat der mar oan ien kant parkeard wurde mei. De gemeente fûn dat der oars troch de parkearde auto's te min romte wie om te passearen.

De ûndernimmers wisten lykwols fan neat en wiene net bliid mei de strepen. Moandei joech de gemeente ta dat de skilder wat te fanatyk wie. In part fan de strepen is wer fuorthelle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)