Pitch & Putt noch net iepen

© Omrop Fryslân
De Pitch & Putt yn Ljouwert kin dit jier noch net iepen. It kluphûs is net klear en it gers is noch net goed genôch. De iepening fan de lytse golfbaan is no ferskood nei maart.
De Pitch & Putt golfbaan leit yn de Ljouwerter nijbouwyk Suderbuorren. Bedoeling wie om ôfrûne maaitiid al iepen, dat koe ek al net trochgean troch min waar. It nije útstel komt op 'e nij troch it waar: yn july wie it waarm en te droech foar it gers.