Swimbad Amelân sloopt

02 okt 2006 - 12:57

It swimbad Aqua Plaza by Nes op it Amelân wurdt hielendal sloopt. Op itselde plak komt in sûnenssintrum en lúkse behannelsintrum foar minsken mei hûdsykten. Ek komt der in lyts swimbad foar de eilanners.

Eigner Harry Hutting hat it swimbad ferkocht oan in projektûntwikkelder. It swimbad wie al fjouwer jier ticht. It ûntwerp foar it nije sintrum wurdt makke troch Jan des Bouvrie. De plannen kostje 25 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)