PvdA efter begrutting provinsje

02 okt 2006 - 11:38

De steatefraksje fan de PvdA is op haadlinen posityf oer de provinsjale begrutting fan 2007. De fraksje is net sa bliid dat 30 prosint fan de begrutting ornearre is foar ferkear en ferfier.

Foar takom jier is der noch 1 miljoen euro fan de 338 miljoen frij te besteegjen. De PvdA soe dat graach útjaan oan de opfang fan útprosedearre asylsikers yn Wytmarsum, it Frysk Festival en de earmoedbestriding.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)