Auto te wetter

© Omrop Fryslân
In 29-jierrige Jirnsumer is sneintejûn mei syn auto te wetter rekke en dêrnei útnaaid. De man hie tefolle drank op.
De plysje waard warskôge dat der in auto yn de Kromme Grou bedarre wie. Wylst de plysje mei tsjûgen prate op it plak fan it ûngemak, kaam de bestjoerder al slingerjend oanfytsen. De plysje hat him oanhâlden foar it ferlitten fan it plak fan it ûngemak. Hy krige in rydferbod fan 24 oeren.