Gjin goals by Hearrenfean-PSV

© Omrop Fryslân
SC Hearrenfean hat snein yn eigen hûs mei 0-0 lykspile tsjin regearjend lânskampioen PSV. De ploech fan trener Gertjan Verbeek krige de bettere kânsen, mar in goal siet der net yn. Foarôfgeand oan de wedstriid waard ôfskie naam fan foarsitter Riemer van der Velde. Hy waard beneamd ta eare-foarsitter.
Hearrenfean stiet no mei 10 punten út 6 wedstriden op it 7e plak. Ajax giet oan kop mei 15 punten út 6 wedstriden.