Oanhâldings fanwege mishanneling

01 okt 2006 - 14:48

Op de Haskerútgong op It Hearrenfean binne sneintemoarn betiid fjouwer ynwenners fan dat plak oanhâlden. De fjouwer wurde derfan fertocht in 31-jierrige en in 17-jierrige ynwenner fan Sint Jansgea mishannele te hawwen.

De twa hiene spul krigen mei de fjouwer Feansters. De 17-jierrige waard mei in flesse op 'e holle slein. Hy is is mei ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs. De fjouwer Feansters ha de nacht trochbrocht yn de plysjesel.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)