Ferwûnen by oanridings

01 okt 2006 - 14:12

In automobilist (38) is sneon swier ferwûne rekke doe't er mei syn auto op it Soal by Himmelum út de bocht fleach. De man rekke de macht oer it stjoer kwyt en ramde in beam. Hy is mei de traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs yn Grins.

In man út Aldeboarn (40) is ferwûne rekke by in botsing op de Bûtenwei by Aldehoarne. Hy krige fan in Hearrenfeanster (37) gjin foarrang. Hy is troch de brânwacht út de auto seage.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)