Heechste heabulte fan 'e wrâld
De heechste heabulte fan de wrâld stiet yn Nijhoarne en komt yn it Guinness Book of World Records. Hy is dit wykein te besjen by it Flaeijelfeest.
Dit jier wurdt it Flaeijelfeest foar de 30e kear holden. Der binne ûnder oare demonstraasjes fan âld boerewurk en in hystoaryske optocht mei âlde trekkers te sjen. Der komme alle jierren tûzenen minsken op it feest ôf.