Nij fûgelhûske op Griend

© Omrop Fryslân
De fûgelwachters op it eilantsje Griend by Skylge krije in nij ûnderkommen. It besteande fûgelhûske is fan 1971 en oan ferfanging ta. It hûske lekt en foldocht net mear oan de feilichheidseasken.
It nije hûske krijt mooglikheden om it klimaat goed te regeljen en om materiaal feilich op te romjen. Dy foarsjennings binne nedich om it fûgelhûske geregeld ûnderstrûpt. Op 4 oktober wurdt it nije hûske delset.