SP: 'Museum moat net ferhúzje'

01 okt 2006 - 12:04

De steatefraksje fan de SP fynt dat de ferhuzing fan it Fries Museum nei it Saailân yn Ljouwert net mear trochgean moat. Yn novimber moatte provinsjale steaten in beslút nimme oer in bydrage fan 10,5 miljoen euro foar de ferhuzing en de nijbou.

De SP fynt dat der te min dúdlikens jûn wurdt troch it museum oer de fergunnings en it jild dat nedich is foar it ferhúsplan. Ek it CDA en de VVD binne kritysk oer de bydrage.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)