Vaatstra listtriuwer PVN

30 sep 2006 - 14:56

Bauke Vaatstra wurdt listtriuwer fan de Partij voor Nederland. Dat hat de partij fan eks-LPF-Twadde Keamerlid Hilbrand Nawijn sneon bekend makke. Bauke Vaatstra is de heit fan de yn 1999 fermoarde Marianne Vaatstra.

Heit Vaatstra stiet op it 22e plak op de kandidatelist foar de ferkiezings fan 22 novimber. Vaatstra en Nawijn kinne inoar goed. Nawijn wol mei in partikulier ûndersyksteam besykje om de moard op Marianne noch op te lossen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)