Plysje siket dieder mishanneling

30 sep 2006 - 13:37

De plysje fan Snits is op syk nei in man dy't ôfrûne tiisdei twa jonges (12) út Toppenhuzen mishannele hat. De jonges rieden mei in freon op it fytspaad tusken Snits en Toppenhuzen.

In foar har ûnbekende man helle de jonges yn op de fyts en sloech de twa slachtoffers mei in skeppe tsjin de holle. Twa manlju yn in giel buske fregen de man om op te hâlden. Hy is doe fuortfytst. De man is tusken 55 en 60 jier en likernôch 1,85 meter lang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)