Boek minsken út Achtkarspelen

© Omrop Fryslân
Foar it boek 'Achtkarspelen, mensen door de tijd' is grutte belangstelling. Fan de 2500 eksimplaren is sawat de helte al ferkocht. Sneontemoarn wie op De Harkema de presintaasje.
It earste boek wie foar CDA-Twadde Keamerlid Joop Atsma. It boek is skreaun troch Douwe de Graaf en giet oer bysûndere minsken út alle doarpen fan Achtkarspelen. De Graaf hat mear as 400 petearen fierd foar dit boek.