Mear fakatueres yn ICT-sektor

30 sep 2006 - 13:15

Foar minsken mei in legere of in middelbere oplieding brekke bettere tiden oan. It sintrum foar wurk en ynkommen, it CWI, sjocht dat der yn de ICT, de administraasje en yn de detailhannel in omslach geande is. It tal fakatueres nimt ta.

Sneon wurdt yn de CWI-festigingen yn Fryslân in banemerk hâlden. Yn de festigings stean stands dêr't minsken ynformaasje krije kinne oer wurk. Yn Fryslân binne sa'n 25.000 wurksikers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)