Lintsjes foar Annie en Riemer

Skiedend SC Hearrenfean foarsitter Riemer van der Velde en syn frou Annie ha in keninklike ûnderskieding krigen. Van der Velde is beneamd ta offisier yn de oarder fan Oranje Nassau. Syn frou Annie is beneamd ta lid yn de oarder fan Oranje Nassau.
En it koe net op foar Annie en Riemer, want de gemeente It Hearrenfean beneamde harren ek nochris ta eareboargers.