Cedin skrikt fan rapport Frysk

© Omrop Fryslân
Underwiisburo Cedin is skrokken fan it rapport fan de ûnderwiisynspeksje oer it Frysk op skoalle. Neffens de ynspeksje giet it net goed mei it Frysk. Ien fan de konklúzjes is dat der noch altyd net genôch lijn yn it Fryske ûnderwiis sit.
De Fryske lessen op de basisskoalle slute net oan op dy yn it fuortset ûnderwiis. Ek binne der skoallen dy't neat dogge oan it ferplichte fak Frysk De ynspeksje sil no hurder optrede.