PvdA lilk oer heech lean

© Omrop Fryslân
De PvdA-steatefraksje is lulk oer it hege lean fan de nije ynterim sekretaris-direkteur fan wetterskip Fryslân, Mark Koster. Dy fertsjinnet 425.000 euro en moat in reorganisaasje by it Wetterskip útfiere. De PvdA fynt dat net goed en seker net as it allinnich is om minsken dien te jaan.
De sosjaal-demokraten freegje DS dêr wat oan te dwaan, mar witte dat de provinsje offisjeel gjin foech hat. It doel is dêrom mear diskusje te krijen.