Teater Romein skrast konserten

29 sep 2006 - 15:08

It nije poppoadium Romein yn Ljouwert hat in tal konserten skrast en fer- pleatst om't it noch gjin ergunning foar sterke drank hat. Romein ferwachtet de fergunning yn novimber te krijen. It nije poppoadium is tongersdei offisjeel wer iepene.

It eardere teater moat de nije poptimpel fan Ljouwert wurde mei muzyk foar en makke troch jonge minsken. Romein wurket dêrfoar gear mei de popakademy en de Stifting Fryslân Pop.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)