Hynders mishannele yn maneezje
By maneezje De Osseweide yn Dokkum binne yn de nacht fan tiisdei op woansdei twa merjes swier mishannele. De ferwûnings falle by de iene merje ta. Sy hat in fjouwertal krassen op 'e poat.
De oare merje is der folle slimmer oan ta. By har is nij alle gedachten in skerp foarwerp yn de skede treaun. De skok op de maneezje is grut.